OER MY
Ynvestear yn dysels
Mei goed 25 jier ûnderfining yn de fitnessbrânsj sjoch ik wat sport mei in minske docht. It jout enerzjy, makket dy fysyk en mentaal sterker en soarget foar balâns. Bûten sporte docht dêr noch in skepke boppe-op. Myn oanpak is simpel: sporten tagonklik meitsje, genôch útdaging biede en derfoar soargje dat minsken der wille yn hawwe. Ast it leuk fynst, hâldst it fol!
Fanôf myn jeugd bin ik dwaande mei sport, en dat begûn op it fuotbalfjild. Fuotbal learde my wat teamwork is en joech my in sterke motoryk en in goede basiskondysje. Nei ferrin fan tiid fûn ik in nije útdaging yn it kickboksen, dêr't ik fluch progresje yn boekte en trochgroeide nei ynstrukteur. Om myn prestaasjes te ferbetterjen bin ik rjochte fitness- en krêfttraining yntegrearje gean. Fitness foarme in sterke fundearring wêryn't ik my hieltyd fierder ûntwikkelje soe. Mei as sportyf hichtepunt: twa dielnames oan de Nederlânske Kampioenskippen natural fitness mei in poadiumplak as resultaat.
Nei jierren ûnderfining opdien te hawwen as personal trainer en groepslesynstrukteur, bin ik my spesjalisearje gean yn bootcamp en tactical fitness. Fanút myn passy ha ik in totaalkonsept ûntwikkele om dy net allinnich fit, mar ek wjerberder te meitsjen.
Bist klear foar de folgjende stap? Nim kontakt mei my op, dan geane wy tegearre oan 'e slach om dyn doel te berikken.
Jeffrey Naber