TACTICAL FITNESS

Wat is Tactical Fitness?

Tactical Fitness is in fitnessprogramma mei in breed skala oan trainingsmetoaden rjochte op allround fitheid. It befettet eleminten út krêfttraining, crossfit, bootcamp, fjochtsport en sjitsport. It doel fan Tactical Fitness is om de fysike en mentale fearkrêft te ferbetterjen en spesjale feardichheden te ûntwikkeljen om prestearje te kinnen yn ûnfoarsisbere situaasjes. It is in ûnderfining wêrby't de adrenaline troch it liif streamt.

Fysike en mentale yntegraasje

Troch funksjonele oefeningen te kombinearjen mei it simulearjen fan stressfolle situaasjes ûntwikkelje dyn fysike en mentale wjerberens. Do learst kontrôle te hâlden, stress better te regulearje en do learst hoe'tst dyn dissipline en prestaasjes ferbetterje kinst.

Ut dyn comfortzone stappe

Komfort fielt feilich en fertroud, mar it gefaar fan te folle komfort is dat it de oanstriid hat dy stil stean te litten. Ast yn in noflike rûtine sitst, is de kâns grut datst gjin nije ûnderfiningen mear opsikest en dysels net mear doart út te daagjen. Dêrtroch misto kânsen en stagnearje dyn persoanlike groei. Mei Tactical Fitness is it krekt de bedoeling om efkes út dyn comfortzone te stappe, dyn grinzen te ûntdekken en te ferlizzen.

Small group

Tactical Fitness wurdt jûn yn in lytse groep oant maksimaal 6 dielnimmers. Hjirtroch kin der koarte yndividuele feedback jûn wurde, is der genôch oersjoch en kin de trainingsyntinsiteit heech hâlden wurde.

Hoe sjocht de training derút?

De training begjint mei it trochnimmen fan feilichheidsynstruksjes en útlis oer it brûken fan 'e wapens dy't by bepaalde oefeningen brûkt wurde. Dêrnei folget der in goeie warming-up en wurde der ferskate oefeningen dien. Tink dêrby oan kompound oefeningen, kardiovaskulêre oefeningen, ynterfal oefeningen, treppen en stjit oefeningen, beandichheidsoefeningen en sjitoefeningen. De totale training duorret sa'n 60 minuten en it advys is om sportklean oan te lûken dy't tsjin in stjitsje kin, in handoek en in fleske wetter mei te nimmen.

Feilig en ferantwurde sjitte

Sjitte is spannend en útdaagjend troch de fokus op presisy, konsintraasje en technyk. It freget ek balâns, koördinaasje en mentale dissipline, wêrtroch it in aktiviteit is dy't fysike likegoed as mentale feardichheden oansprekt. Om it sjitten foar elkenien feilich en tagonklik te hâlden wurde der wapens brûkt mei in beheinde krêft en wurdt der sketten mei rubberen kûgels. Dêrby wurdt der in sjitbril droegen en binne de sjittargets foarsjoen fan in kûgelfanger en in feilige backstop. Nei it sjitten bliuwt der gjin rommel efter.

By de sjitoefeningen wurden der loftdrokwapens brûkt dy't fallen únder kategory 4 fan de Nederlânske wet wapens en munysje (WWM).

Foar wa is it geskikt?

Tactical Fitness is tagonklik foar elkenien fanôf 18 jier en âlder dy't aventoerlik ynsteld binne en wat mear út harsels helje doare. Ek is it geskikt foar minsken mei swiere beroppen dat in soad emosjonele fearkrêft fereasket. It hawwen fan in basiskondysje hat foardielen mar is net perfoarst needsaaklik omdat it programma oanpast wurde kin op nivo.

Tactical Fitness trainingen wurde oanbean as losse sesjes. De trainingen binne waarsôfhinklik en fine allinne plak op eigen terrein (ôfskerme fan de iepenbiere romte). Wolst dielnimmen oan in sesje of wolst mear ynformaasje? Nim dan frijbliuwend kontakt op.

Foardielen Tactical Fitness:

  • Fysyk en mentaal sterker wurde
  • Dyn eigen grinzen ûntdekke
  • Stress better regulearje kinne
  • Dyn selsfertrouwen fergrutsje
  • Dissipline en prestaasjes fersterkje
  • Bettere fokus ûntwikkelje
  • Algehiele fitheid ferbetterje
  • Dyn sjitfeardichheid traine
  • Unike ûnderfining

Kosten de sesje: € 17,50 p.p.