
PERSONAL TRAINING
Effektyf en doelrjochte
Mei goede begelieding kinsto in sterk fûnemint bouwe en dêrwei wurkje oan dyn konkrete doelstellingen. It leverjen fan maatwurk is essinsjeel om de bêst mooglike resultaten helje te kinnen. Ik help dy mei it meitsjen fan in plan en it finen fan de goede balâns yn training, iten en rêst.
Wêrom personal training?
Yn in dynamyske wrâld mei in soad prikkels en hege ferwachtings is it ynvestearjen yn in sûne libbensstyl en it ûnderhâlden dêrfan tige wichtich. In goede personal trainer kin dy motivearje, útdaagje en oansetten ta aksje! Mei personal training trainst dyn fysike en mentale striidberens sadatst folle mear progresje boekst en skerpe fokus hâlde kinst. It is de meast effektive wize fan trainen en in ynvestearring dêr't dy de rest fan it libben profyt fan hawwe kinne.
Foardielen fan personal training
- Profesjonele begelieding
- Persoanlike oandacht
- Mear motivaasje
- Sneller resultaat
- Fysike en mentale ûndersteuning
- Feilig en ferantwurde traine
- Mear privacy
- Eksklusive training
- Leefstiladvys
Coaching
Ast wat hiel graach feroarje wolst yn dyn libben moatst prioriteiten stelle en dat betsjut bewuste karren meitsje. Fokus op de doelen dy'tst berikke wolst. Dat klinkt ienfâldich mar dochs is it foar in soad minsken dreech om fan de automatyske piloat ôf te kommen en út beskate gewoantes te stappen. Faak trede der op dat punt mentale blokkaden op wat him faak fertaald yn útstelgedrach. It ûnbewuste fynt it net fijn om feroaringen te ûndergean wat in eangstich gefoel jaan kin. De eangst sit dan faak net yn it ûntdekken fan it nije, mar yn it achterlitten fan it âlde. Coaching is hjirby in wichtich aspekt. Mei-inoar geane wy oan'e slach om dy blokkaden en âlde patroanen te trochbrekken en troch de wei fan effektive gedrachsferoaring nije patroanen oan te learen. Faak kinst troch te wurkjen yn lytse stapkes nije gewoanten oanbringe yn dyn libben, mar soms kin it ek better wêze om folslein bûten dyn comfortzone te stappen en radikaal it roer om te smiten, dat ferskilt per persoan.
Hjir kin ik dy mei helpe:
- Lichaamsbeweging
- Spieropbou
- Kondysjeopbou
- Enerzjyker wurde
- Spierkrêft fuortsterke
- Drûch traine
- Gewichtsbehearsking
- Afslanken
- Krachttraining foar 40 plussers
- Leefstiisadvys
- Patronen trochbrekke
- Mentale fitheid
- Selsfertrouwen
Wêrom't krêfttraining ekstra wichtich is fan dyn 40e ôf
Yn trochsneed fine der tusken dyn 35e en 40e libbensjier in tal feroarings plak yn dyn lichem. Sa sille ferskate prosessen oars wurkje, geasto der lichaamlik faak oars útsjen en kinsto dy oars begjinne te fiele. In oantal fan dizze prosessen kin ynfloed hawwe op dyn lichemsgewicht. Fanôf dyn 40e is dat faak al goed te fernimmen. Dy feroaringen hearre der allegearre gewoan by, mar kinne der wol foar soargje dat der in oar patroan yn dyn libben slûpt
Troch genôch beweging, krêfttraining en oanpaste iten kinst sarcopenie (ferlies fan spiermassa) en osteoporose (botûntkalking) ôfremje. Sterker noch, kinst sels prima spiermassa opbouwe en behâlde. Ek soarget genôch bewegen foar de oanmaak fan nije harsensellen (neurogenese) en it groeien fan it tal ferbinings tusken de harsensellen. Dit kin in geunstige effekt hawwe tsjin demintens en psychyske klachten. Troch rjochte te trainen op it sterker meitsjen fan de spieren en it yn stân hâlden of fergrutsjen fan de spiermassa krijst in bettere (spier)kondysje, mear krêft en enerzjy en silst dy fitter en fitaler fiele. Dat silst fernimme by de deistige aktiviteiten dy'tst dochst. It nijsgjirrige fan dizze leeftiidskategory is dat der faak noch (op in ferfine wize) in behoarlike groei sprong mooglik is, sawol op fysyk as mentaal mêd.
Foardielen fan krêfttraining:
- Fertraging fan it ferâlderingsproses
- Ferleging fan hege bloeddruk
- Positive wurking op de sûkerspegel
- Minder kâns op diabetes
- Betere spierkondysje
- Mear krêft en enerzjy
- Ferlôgje it risiko op demintens
- Minder kâns op falynsidinten
- Sterkere bonken
- Positive ynfloed op mentaal wolbevinden
- Bettere algehiele sûnens
- Bettere nachtrêst
- Mear selsfertrouwen
Outdoor training op lokaasje
Do hoechst net nei de sportskoalle ta om effektyf traine te kinnen. Dêrtroch besparsto reistiid, hast gjin lêst fan stoarjende eagen op'e sportskoalle en gjin hinder fan tastellen dy't beset binne. Traine dogge we gewoan by dy op lokaasje yn'e bûtenloft, dat is net allinnich aardich om te dwaan, it hat ek nochris in hiel soad foardielen. Sa is it goed foar de sûnens en helpt it goed tsjin stress. Bûten traine fielt minder wurchsum oan, dêrtroch kinst tichterby dyn maksimale prestaasjes komme. It is goed foar it ymmúnsysteem, hat in positive wurking op de algemiene mentale gesteldheid en soarget der ek foar datsto better sliepe kinst.

Duo training
Trainst do graach mei dyn partner, bêste freon, kollega of famyljelid? Gean dan foar duo training. Duo training is fergelykber mei personal training allinnich dan mei syn twaen.
Voordelen van duo training:
- Ekstra motivaasje
- Samen plezier belibje
- Kostebesparjend
- Profesjonele begelieding
- Feilig en ferantwurde traine
- Eksklusive tips
- Fiedingsadvys
- Libbensstyladvys
Taryf personal training / duo training
Fanôf € 85,- per training fan 60 minuten
De fanôfpriis is eksklusyf reiskosten.