OUTDOOR FITNESS

Wille en resultaat

Outdoor Fitness is in tagonklike groepstraining wêrby'tst mei oare minsken op in leuke wize sportive útdagingen oangiet. Fit wurde en fit bliuwe is it doel. Do dochst ferskate fitness oefeningen ûnder profesjonele begelieding wêrby't de fokus licht op it soepel hâlden fan de gewrichten, it fersterkjen fan de spieren en it wurkjen oan dyn úthâldingsfermogen.

Bûten sporte makket gelokkich

Bûten sporte is de ôfrûne jierren hieltyd populêrder wurden en in protte minsken ûnderfine de fysike en mentale foardielen derfan. Traine yn 'e bûtenloft komt de bloeddruk en de hertslach te'n goede en hat in geunstige ynfloed op de kwaliteit fan sliep. Troch te sporten makket dyn lichem endorfine oan (ek wol gelokshormoan neamd), dêrtroch komst lekkerder yn dyn fel te sitten. Ut ferskate ûndersiken hat bliken dien dat bûten sporte it gefoel fan eigenwearde ferbetteret, as noflik ûnderfûn wurdt en dat it gefoelens fan spanning, lilkens en depresje ferminderet. In bykommend foardiel is dat bûten sporten ek goed is foar dyn wjerstân.

Positive ynteraksje en ekstra motivaasje

Troch te sporten mei oare minsken ûntstiet der in positive ynteraksje en wurdt der sosjale bining kreëarre. De groepsspirit soarget foar ekstra motivaasje en dêrtroch joust krekt efkes dat bytsje ekstra.

Beheinde groepsgrutte

Omdat persoanlike oandacht altyd sintraal stiet, wurdt der traind yn in beheinde groepsgrutte fan maksimaal 12 dielnimmers. Hjirtroch kin der yndividuele feedback jûn wurde foar optimale prestaasjes.

Wat kinsto ferwachtsje?

In bettere algehiele kondysje, mear spierkrêft en in strakker lichem! By de training wurde ferskate oefeningen dien wêrby't elke spiergroep oan bar komt, de saneamde full body workout. Der wurdt traind mei it eigen lichemsgewicht, losse gewichten en oare trainingsmaterialen. Der wurdt gebrûk makke fan inoar en de mooglikheden dy't der op lokaasje binne, tinke hjirby oan bankjes, rekjes, boarterstastellen en bûten fitness apparatuer. Gjin training is it selde wêrtroch't je kontinu útdage wurde. Dus sportklean oan en gean derfoar! It iennige datst mei hoechst te nimmen is in handoek / fitnessmatsje en in fleske wetter. In training duorret sawat 60 minuten.

Foardielen fan Outdoor Fitness:

  • Ferbettering fan de algehiele kondysje
  • Fersterkje fan spierkrêft en eksplosiviteit
  • Ferbrâne fan kaloryen
  • Posityf effekt op mentale sûnens
  • Mear enerzjy Stress ferminderjend
  • Goed foar ymmúnsysteem
  • Bettere oanmaak fan melatonine
  • Makket lokkig troch mear oanmaak endorfine
  • Mear oanmaak fan fitamine D

Wolst it in kear besykje?

Hast ynteresse en wolst in kearke meitraine? Freegje dan in fergeze proefles oan.

Rooster Outdoor Fitness

Tiisdei en tongersdei om 19:00 oere

Lokaasje: Sjinkiefjild Bantegea

Tariven groepstrainingen

Proefles: FERGEES (max. 1 proefles p.p.)

Moannekaart:  € 42,50

10-Strippekaart:  € 62,50

  • Moannekaart: Wolst konsekwint 2 kear yn 'e wike sporte? Dan is in moannekaart de foardielichste kar. Do bepaalt sels mei hokker groepstraining meidwaan wolst, Outdoor Fitness of Kickboks Bootcamp. Kinst fansels ek kombinearje. In moannekaart is 1 moanne jildich en sitst fierder nearne oan fêst.
  • 10-strippekaart: Wolst geregeld sporte en tagelyk fleksibel bliuwe? Dan is in 10- strippekaart de bêste opsje. Do bepaalt sels mei hokker groepstraining meidwaan wolst, Outdoor Fitness of Kickboks Bootcamp. Kinst fansels ek kombinearje. In 10-strippekaart is 3 moanne jildich en sitst fierder nearne oan fêst.

Foar mear ynformaasje: sjoch betingsten