
KICKBOKS BOOTCAMP
In yntinsive groepstraining
Wurkje oan dyn kondysje, spierkrêft, balâns, sûplesse, úthâldingsfermogen en koördinaasjefermogen. Dat is kickboks bootcamp! Troch boks en trep techniken te kombinearjen mei de bêste eleminten fan in bootcamp, krêfttraining en in HIIT (High Intensity Interval Training) soargst foar in tige effektive workout. Kickboks bootcamp is útdaagjend, ôfwikseljend en fierhinne foar elkenien tagonklik omdatsto op eigen nivo traine.
Ferbetterje dyn feardichheden
Do learst op in moaie wize dyn grinzen te ferlizzen en wurdt dêrby sawol mentaal as fysyk traind en coacht. De training helpt om dyn mobiliteit, stabiliteit, koördinaasje en reaksjefermogen te ferbetterjen wat resultearret yn in lichem wat better funksjonearret. Tegearre sporte mei oare minsken soarget ek foar sosjale bining en ekstra motivaasje.
In kaloryen killer
Kickboks bootcamp is de ultime training om kaloryen te ferbaarnen en om dyn lichem in boost te jaan. Dizze training ferbetteret dyn kondysje, úthâldingsfermogen en befoarderet de sûnens dy'tst dyn enerzjyker en fitter fiele silst. Troch de groepsdynamyk en positive enerzjy dy’t ûntstiet ûnder de training giest nei ôfrin wer mei in foldien gefoel nei hûs.
Beheinde groepsgrutte
Omdat persoanlike oandacht altyd sintraal stiet, wurdt der traind yn in beheinde groepsgrutte fan maksimaal 12 dielnimmers. Hjirtroch kin der yndividuele feedback jûn wurde foar optimale prestaasjes.
Wat kinsto ferwachtsje?
Kickboks Bootcamp wurdt yn de bûtenloft jûn op in dêrfoar geskikte lokaasje. Traine yn de bûtenloft komt de bloeddruk en de hertslach te'n goede en soarget foar mear oanmaak fan fitamine D. Ek hat it in geunstige ynfloed op de kwaliteit fan sliep. Gjin training is it selde wêrtroch't je kontinu útdage wurde. Trochdat je ûnder de training efkes lekker stoom ôfblaze kinne hat it in stress ferlegjende wurking. Elke training begjint mei in goede warming-up wêrnei't der ferskate útdaagjende oefeningen dien wurde. By de training wurdt gebrûk makke fan motivearjende muzyk! Lûk dyn sportklean alfêst mar oan en gean derfoar! It iennige datst mei hoechst te nimmen is in handoek / fitnessmatsje en in fleske wetter. In training duorret sawat 60 minuten.
Foardielen fan kickboks bootcamp
- In effektive wize fan trainen
- Wurkje oan in fit en sterk lichem
- Ferbettering fan de kondysje
- Sterker wurde fan spieren
- Tige goede kaloryferbaarning
- In boost foar dyn metabolisme
- Oanlearen fan stjit en treptechniken
- Utdaging foar dysels
- Mear motivaasje troch groepstraining
- Lekker traine yn de bûtenloft
- Profesjonele begelieding
Wolst it in kear besykje?
Hast ynteresse en wolst in kearke meitraine? Freegje dan in fergeze proefles oan.

Rooster Kickboks Bootcamp
Tiisdei en tongersdei om 20 oere
Locatie: Sjinkiefjild Bantegea
Tariven groepstrainingen
Proefles: FERGEES (max. 1 proefles p.p.)
Moannekaart: € 42,50
10-strippekaart: € 62,50
- Moannekaart: Wolst konsekwint 2 kear yn 'e wike sporte? Dan is in moannekaart de foardielichste kar. Do bepaalt sels mei hokker groepstraining meidwaan wolst, Outdoor Fitness of Kickboks Bootcamp. Kinst fansels ek kombinearje. In moannekaart is 1 moanne jildich en sitst fierder nearne oan fêst.
- 10-strippekaart: Wolst geregeld sporte en tagelyk fleksibel bliuwe? Dan is in 10- strippekaart de bêste opsje. Do bepaalt sels mei hokker groepstraining meidwaan wolst, Outdoor Fitness of Kickboks Bootcamp. Kinst fansels ek kombinearje. In 10-strippekaart is 3 moanne jildich en sitst fierder nearne oan fêst.
Foar mear ynformaasje sjoch betingsten