BEDRIUWSWORKOUTS
Ynvestearje yn fitte wurknimmers leannet
Fitte en motivearre minsken op'e wurkflier binne in wichtig fûnemint fan suksesfolle organisaasjes. Se binne produktiver, hawwe mear enerzjy, navigearje makliker troch ferskate situaasjes hinne en binne minder faak siik. Dêrby is sporten mei kollega's in krêftich middel foar teambuilding.
Wat binne bedriuwsworkouts?
Bedriuwsworkouts binne trainingssesjes dy't rjochte binne op it ferbetterjen fan de algehiele fitheid fan de dielnimmers troch in kombinaasje fan lichaamlike training, mentale wearberens en sosjale ynteraksje. Wille hawwe en tagonklikens foarmje de basis.
Wêr fine de workouts plak?
De workouts kinne op ferskate lokaasjes plakfine. Faak wurdt der keazen foar it wurkplak sels as dêr ek mooglikheid foar is, bygelyks in fjild of in parkearplak. Der kin ek keazen wurde foar in geskikte lokaasje yn de direkte omjouwing.
Min waar garânsje
By tonger, hurde wyn en/of delslach wurde der gjin workouts jûn yn 'e iepen bûtenloft. Yn dat gefal kinst oant 24 oeren fan tefoaren fergees dyn workout fersette of annulearje. As der in mooglikheid is om yn dat gefal (semi) oerdutsen traine te kinnen, dan kinne de workouts wol gewoan trochgean.

Bootcamp Fitness Workout
Belibje hoe sporte mei dyn kollega's net allinnich dysels, mar it hiele team in fitheidsboost jout. Meitsje in sterkere bân mei-inoar en ferbetterje de gearwurking.
Wat hâldt it yn?
De Bootcamp Fitness Workout is in ôfwikseljende training wêrby't krêft, úthâldingsfermogen, balâns en fleksibiliteit kombinearre wurde. De training begjint altyd mei in goede warming-up wêrnei't der ferskate útdaagjende oefeningen dien wurde. Der wurdt traind mei it eigen lichemsgewicht, losse gewichten en oare trainingsmaterialen wêrby elkenien traint op eigen nivo. By dizze training wurdt gebrûk makke fan motivearjende muzyk. It advys is om sportklean oan te lûken, in handoek en in fleske wetter mei te nimmen.
Lokaasje-easken: Foar dizze workout is in frije grûnoerflakte nedich fan minimaal 10 x 15 meter
- De workout duorret 60 minuten
- Maksimaal 12 dielnimmers de groep
Kickboks Bootcamp Workout
Dysels en dyn kollega's op in oare wize kennen leare en tagelyk efkes lekker stoom ôfblaze. In ûnderfining dy't nije ynsichten jout.
Wat kinst ferwachtsje?
Mei de Kickboks Bootcamp Workout hast it bêste fan bootcamp en kickboksen yn ien training. By dizze workout trainst it hiele lichem en wurdst ekstra motivearre om it bêste út dysels te heljen. It is by útstek geskikt om te wurkjen oan dyn kondysje, úthâldingsfermogen, reaksjefermogen en motoryk. By dizze workout learst de basistechniken fan it kickboksen wêr't dyn selsbetrouwen mei fergrutsje kinst. It kombinearjen fan boks en treppen techniken mei de bêste eleminten fan in bootcamp, krêfttraining en in HIIT (High Intensity Interval Training) resultearret yn in tige effektive workout. Enerzjike muzyk derby soarget foar ekstra motivaasje. It advys is om sportklean oan te lûken, in handdoek en een fleske wetter mei te nimmen.
Lokaasje-easken: Foar dizze workout is in frije grûnoerflakte nedich fan minimaal 10 x 15 meter
- De workout duorret 60 minuten
- Maksimaal 12 dielnimmers de groep

Tactical Fitness Workout *
Kontrôle hâlden en prestearje wylst de adrenaline troch dyn liif streamt. In ûnferjitlike ûnderfining dy't dy en dyn team op skerp set.
Wat hâldt it yn?
De Tactical Fitness Workout is in fitnessprogramma rjochte op allround fitheid. It befettet ûnder oare eleminten út krêfttraining, crossfit, fjochtsport en sjitsport. It doel fan Tactical Fitness is om de fysike en mentale fearkrêft te ferbetterjen en spesjale feardichheden te ûntwikkeljen om better prestearje te kinnen yn ûnfoarsisbere situaasjes. Troch middel fan ferskate oefeningen en techniken learsto stress better te regulearjen, kontrôle te hâlden, dyn selsbetrouwen te fergrutsjen, dyn prestaasjes te ferbetterjen, dyn grinzen te ûntdekken en te ferlizzen. De trainingen binne ûntwikkele yn oanpaste foarm en dêrtroch binne se tagonklik foar in bredere doelgroep. It advys is om stevige sportklean oan te lûken, in handoek en in fleske wetter mei te nimmen.
Feilig sjitte
By de Tactical Fitness Workout wurden der ek sjitoefeningen dien. Sjitte freget, konsintraasje, balâns, koördinaasje en mentale dissipline. By it begjin fan de training krije de dielnimmers útlis oer it brûken fan de wapens en wurde de feilichheidsregels trochnommen. Om it sjitten foar elkenien feilich en tagonklik te hâlden wurde der wapens brûkt mei beheinde krêft, wurdt der sketten mei rubberen kûgels en wurdt der in sjitbril droegen. De sjittargets binne foarsjoen fan in feilige backstop en in kûgelfanger. Sa bliuwt der nei it sjitten gjin rommel efter.
Lokaasje-easken: Foar dizze workout is in frije grûnoerflakte nedich fan minimaal 15 x 25 meter
- De workout duorret 60 minuten
- Maksimaal 6 dielnimmers de groep
By temperatueren ûnder de 10 ° C en boppe de 30 ° C wurdt der gjin Tactical Fitness Workout jûn.
* De Tactical Fitness Workout kin allinnich mar plakfine op eigen terrein, mits it terrein dêr ek gaadlik foar is. It terrein moat ôfskerme wêze fan de iepenbiere romte sûnder direkt in hûs, in paad of in dyk dêrefter of derneist. By de sjitoefeningen wurde der loftdrokwapens brûkt dy't fallen únder kategory 4 fan de Nederlânske wet wapens en munysje (WWM). Sjitte jout in knallend lûd en mei gjin oerlêst feroarsaakje foar de omjouwing. De minimum leeftiid foar dielname is 18 jier.
Wolst mear ynformaasje of bist benijd nei de kosten foar in workout op dyn lokaasje? Nim gerêst kontakt op of freegje daliks in offerte oan.